Omrop Fryslan: moasje tsjin deputearren - Main contents
Hast de hiele opposysje yn provinsjale steaten hat woansdei in moasje fan wantrouwen yntsjinne tsjin de fiif deputearren. Oanlieding wie in rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer wêryn't flinke krityk levere waard op it grûnbelied fan de provinsje. Dy soe fierste folle grûn oankocht hawwe, ûnder oare foar de oanlis fan de Sintrale As. Allinne opposysjepartij Friese Koers stipe de moasje net.
De deputearren bliuwe sitten. Sy wachtsje de útkomst ôf fan in yntern ûndersyk nei de gong fan saken. De útkomst dêrfan wurdt begjin 2013 ferwachte.
Ek de koälysjepartijen, dy't de deputearren leverje, wolle de resultaten fan dat ûndersyk ôfwachtsje. Sy koene har dêrom woansdeitejûn net fine yn it foarstel fan de opposysjepartijen om in iepenbiere enkête te hâlden oer de grûnoankeapen fan de provinsje.