Omrop Fryslan: Bot krityk op gruntransaksjes

Source: A. (Aukje) de Vries i, published on Wednesday, October 10 2012, column.

Omrop Fryslan: Provinsjale steaten ha bot krityk op it hanneljen fan deputearre steaten by de oankeap fan grûn foar de oanlis fan diken. In mearderheid fynt dat der te let yngrepen is.

Woansdei waard praat oer it rapport fan de noardlike rekkenkeamer, oer it grûnbelied fan 2007 oant 2010. Dat seit dat der tefolle grûn kocht is foar tefolle jild. En der soe ek sprake wêze fan steatsstipe by de oankeap fan boeregrûn. De steaten ha foaral dêr muoite mei. Ek fine se it ûnbegryplik dat der faak tefolle betelle is foar de grûn.

Fierder is der krityk op de reaksje fan deputearre steaten op it rekkenkeamerrapport. It kolleezje nimt de oanbefellings wól oer, mar de konklúzjes net. Neffens deputearre Kramer docht it kolleezje dat omdat de steaten it grûnbelied sa fêststeld ha yn 2007 en omdat dêr neffens hannele is.

Kramer nimt de krityk yn it rapport tige serieus en seit der al mei oan de slach te wêzen. Sa is buro Berenschot ynskeakele om yntern ûndersyk te dwaan nei de gong fan saken. Fierder sil de Europeeske Kommisje him op fersyk fan de provinsje bûgje oer de steatsstipe. De kommisje moat beoardielje oft de transaksjes neffens de regels plakfûn ha. Takom wike moat dúdlik wurde oft ien en oar polityke konsekwinsjes krije sil.

Omrop Fryslan Radio >>>